
Buro de Vries (Podcast)
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Episodes
Reading the feed…

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Reading the feed…
Rients Gratama ferstoar woansdei 6 septimber 2017 op 85-jierrige leeftiid. Rients Gratama wie kabaretier, skriuwer, akteur, dichter en presintator. Neffens de kenners sette hy de Fryske kleinkunst op in heger plan. Ta gelegenheid fan syn 75ste jierdei makke kollega Karen Bies yn 2007 in programma mei him. In moai petear oer it publyk troch de jierren hinne, oer it libben en âlder wurde en werom der noch gjin opfolger is.
Stel, je bin as frou trouwd met in dûmny en je wurde fereale op in froulike diaken yn deselde tsjerke. Dan stiet je wrâld op 'e kop. En dy fan je partner. En dy fan de tsjerke. Harkje nei in rekonstruksje fan it fasinearende, mar ek dramatyske ferhaal fan Gerda Tolk fan Ljouwert. Yn jannewaris 2016 gongen we mei har werom nei Stiens dêr't it him goed 36 jier lyn allegear ôfspile.
30 april 1975 kaam der in ein oan de Fjetnam-oarloch. De kommunisten waarden de baas. Elk dy't mar in bytsje fertocht wie waard opsletten, of slimmer noch, riskearde de kûgel. Tusken 1975 en 1995 flechten rom acht en in heal tûzend Fjetnamezen nei it bûtenlân. In part derfan kaam nei Nederlân. Op kemping 'It Wiid' by Earnewâld fûnen likernôch 200 Fjetnamezen in feilich plak. It radioprogramma Buro de Vries sjocht mei ferskillende belutsen werom op dizze tiid. Dizze reportaazje is earder útstjoerd yn oktober 2015.
Fia de telefyzje kamen yn 1967 bylden fan in ferskriklike hongersneed yn Biafra yn de wenkeamers. Deasike bern mei aaklik tinne skonken en dikke opblaasde búkjes. Tsien fan harren waarden nei Nederlân ta helle. Asuquo, in jonkje fan tusken de 6 en 9 jier, kaam yn in refalidaasjesintrum yn Arnhem. Annie Gemser, de frou fan Henk Gemser wurke dêr en naam Asuquo yn de wykeinen mei nei hûs. Sa waard hy opnommen yn de húshâlding. Nei trije jier kaam fan hegerhân it befel dat Asuquo werom moast. Henk en Annie Gemser ha gehoar jûn oan dat befel en Asuquo gie werom nei Biafra, dat ûnderwilens Kongo hie
Reportaazje oer it Bokwerds, de taal dy't brûkt waard yn de stikjes fan Bokwerder Belang, in wyklikse rubryk yn de Leeuwarder Courant yn de jierren '70 en '80. Mei unike opnamen fan Rink van der Velde, de skriuwer fan de stikjes.
Transgenders fiele har net, of net hielendal, thús yn de geslachtsrol dy't passet by har uterlik. Stadichoan komt dit ferskynsel út de taboesfear. Manon Barendsen út Snits hâldt in blog by oer har transysje fan man nei frou. Dat hâldt hiel wat yn, net allinne lichaamlik, ek psychysk. En net allinne foar de transgender sels, ek foar elkenien dy't om dy persoan hinne stiet. It Buro tekene it ferhaal fan Manon op en prate ek mei in psycholooch en in freondin. De blog fan Manon Barendsens is te finen op www.manonbarendsen.com
''De schoonheid en ontroering zit in de alledaagse ontmoetingen tussen mensen.'' Dat is de ûnderfining fan teatermakker Tjerk Ridder fan Utrecht tidens syn reis troch Fryslân. Dy makke hy tegearre mei syn Esel Lodewijk. Tjerk wie bot ûnder de yndruk fan de gastfrijheid dy't hy tsjin kaam, want hy moast eltse dei wer in sliepplak fine foar him en syn reisgesel. Sa hat hy ek in nacht troch brocht by soarchynstelling Talant yn Boalsert, dêr't hy koart lyn wer efkes werom wie mei in ferrassing. Wendy Kennedy fan Omrop Fryslân socht him doe op en seach werom op syn lange en bysûndere reis. --- ''De
Der komme hieltyd mear 'hoarders' yn ús lân. Hoarders binne minsken dy't net, of hiel min, harren guod fuort dwaan kinne en hûs en hiem faak fol stean ha. Sûnt 2013 wurdt dizze stoarnis as in offisjele stoarnis erkend. Neffens psycholooch Irma van Steijn kin hoarding net genêzen wurde, mar kinne de minsken wol goed holpen wurde. Jeanet Regnerus is in helpferlienster dy't har mei dizze problematyk dwaande hâldt. It Buro gie mei Jeanet mei doe't se op hûsbesite wie by Wopke.
Op 22 oktober 1996 ferûngelokket Ylse van der Bij op de Haudmare, in smel dykje bûten Tsjalbert. Se is 12 jier wurden. Har âldere suske, Fleur, wie doe 15. No, 22 jier letter, hat Fleur in boek skreaun: "Verkeersslachtoffer 22/10" mei de ûndertitel "op zoek naar de man die mijn zusje doodreed". It ûnferwurke trauma fan 22 jier lyn hat grutte ympekt hân op it libben fan Fleur. Se ûntwikkele in psychyske stoarnis en kaam yn in djip gat. Troch te skriuwen is se der boppeop kommen. Har earste boek - de Nijl in mij - ferskynde foarich jier jannewaris en no leit har twadde boek yn de boekwinkels. Bu
Merijn Tinga is de earste yn ús podcast-rige 'Wrâldferbetterers'. We sykje minsken út dy't de wrâld feroarje wolle, te begjinnen by harsels Mei it opromjen fan plestik is Merijn Tinga al jierren dwaande. As de Plastic Soup Surfer fiert hy aksje om it plestik ôffal te ferminderjen, yn de seeën, de rivieren en de wrâld om ús hinne. Merijn Tinga komt út Ljouwert, is opgroeid yn Grins en wennet no yn Leiden. Hy is biolooch en keunstner en de lêste jierren fulltime 'Plastic Soup Surfer'. Hy stelt de produsinten fan it plestik, dus de grutte bedriuwen, ferantwurdlik foar it plestik ôffal. Dat bart o
170 'lieten om út te sjongen', sa wurdt de nije Fryske sjongbondel 'Hertslach' omskreun. It giet om nije lieten dy't goed te brûken binne yn tsjerken njonken de bekende psalmen en gesangen. Der binne benamme lieten fan Hindrik van der Meer en Eppie Dam yn de bondel te finen, mar it ferskaat is grutter. It inisjatyf ta de bondel is naam troch it Kwartettekoar, dêr't Hindrik van der Meer al tolve jier as dirigint foar stiet. It kin sjoen wurde as in kado oan de dirigint, dy't dit hiele jier noch mei it koar in ôfskiedstoernee troch de provinsje makket. Dêrnei wol Van der Meer in punt sette efter
Transgenders voelen zich niet, of niet helemaal, thuis in de geslachtsrol die past bij hun uiterlijk. Langzamerhand verdwijnt dit verschijnsel uit de taboesfeer en wordt er, mede door de media-aandacht, steeds openlijker over gesproken. Manon Barendsen houdt een blog bij over haar transitie van man naar vrouw. Omrop Fryslân tekende het verhaal op van Manon in een podcast.
De keunst fan heit beheare en fuortsette. Dat is de bedoeling fan Flore en Aagje Aartsen, dochters fan keunstner en fotograaf Ton Aartsen. In pear jier lyn is hy troffen troch de sykte ALS. Mei syn trijen binne se begûn keunst te meitsjen, dêr't ek it ferwurkjen fan de sykte fan heit bot yn sit. De tentoanstelling 'Levenscyclus' is yn jannewaris 2019 iepene. Ton wie dêr by. Op 8 maart is hy ferstoarn. In pear wike foar syn dea praten wy mei it gesin Aartsen. Sy fertelden wat dizze tiid mei elkoar, foar de famylje en foar elts ôfsûnderlik, betsjutten hat. In petear mei Ton Aartsen, syn frou Ank
Jan Fennema fan Feanwâlden waard berne mei in ôfwiking oan de lever. Doe't er fiif jier wie stie er op de wachtlist foar in donorlever om't er sûnder transplantaasje gjin kâns hie te oerlibjen. En doe't se tochten dat er hast oan bar wie, slûch it needlot ta. Wylst mem him efter op de fyts nei skoalle brocht, waarden se oanriden troch in auto. Lytse Jan bedarre op de Intensive Care fan it UMCG yn Grins en heit en mem stiene sels foar it drege beslút om de stekker der al of net út te lûken. Mei in soad Godsbetrouwen waard keazen om it dochs noch in skoftsje oan te sjen. Op wûnderbaarlike wize k
Metershege weagen sloegen oer it lytse sloepke dêr't Geert Postma en Kees Wiersma yn sieten nei't harren skip de Engonia slachside makke hie. Mei noch acht oare matroazen slagge it harren om 12 oeren lang yn in swiere stoarm mei hagelbuien en tonger te oerlibjen. Se wiene dweiltrochwiet en ûnderkuolle doe't in Frânske fiskersboat harren oppikte. Febrewaris 1960, hast 60 jier lyn, makken Geert Postma en Kees Wiersma de meast eangstige nacht fan har libben mei.
t NOS sjoernaal lit hiel faak har foto's sjen. Moaie loften, driigjend waar of dizige moarnsfoto's. Se komme allegear foarby yn it waarberjocht fan de waarmannen fan it sjoernaal. Anna Zuidema fan Harns is de hofleveransier. Se fotografearret fan 2009 ôf it waar. Fan har pake oerkrigen. Hy wie ek in waarleafhawwer en sei tsjin de jonge Anna dat der nearne sokke moaie loften binne as by it Waad. Doe't Anna 7 wie stoar har pake. Mar de fassinaasje foar it waar hat se fan him meinaam. Se giet der hast alle dagen op út om de loften en de see te fangen yn moaie plaatsjes. Buro de Vries gie mei har
Jack Kooistra hat in argyf fan 180.000 kaartsjes mei dêr op de nammen en oare data fan oarlochsslachtoffers. Ien fan harren is Siebe Bruning fan Ikkerwâld. Hy waard deasketten troch de Dútsers doe't er op de fyts siet. Syn pakesizzer Simon Wiersma út Ljouwert hat útsocht wat der krekt bard is.
Jack Kooistra fan Ljoouwert hat in ûnbidich grut argyf opboud fan 180.000 nammen en oare data fan oarlochsslachtoffers. Ien fan harren is Jacobus Johannes Boomsma, of Koos Boomsma. Hy hie in winkel yn Sondel en soarge tegearre mei syn frou al betiid yn de oarloch foar ûnderdûkplakken foar benammen Joadske bern. Yn novimber 1944 waard er deasketten troch in Dútser. Syn soan Pieter wie doe 2 jier en hat syn heit dus nea kend. Hy kent wol de ferhalen.
It mystearje Johannes Wardenier libbet mar troch. Koartlyn ferskynde op 'e nij in boek oer him, yn Stienwyk wurdt trije kear in musical oer syn libben útfierd en der is in útstalling oer him ynrjochten. Wardenier soe yn 1934 in brânstofleaze motor útfûn ha. Ynternasjonaal giene de oaljeprizen ûnderút en yn Wolvegea wiene der konkrete plannen foar de bou fan in grutte fabryk. Wolvegea soe dêrmei it Eindhoven fan it noarden wurde, want yn de krisistiid soe der foar mear as tsientûzen minsken wurk komme. Koartsein, Wardenier hie wat útfûn dat de wrâld op 'e koppe sette soe, de krisis oplosse en d
Berne yn Amsterdam, mar al mear as 40 jier ynwenner fan Fryslân. Zoltin Peeter, keunstner yn Hallum. Allinnich wenne hy dêr, op in pleats, en hy wie altyd oan it wurk. Syn keunst hinget yn it Stedelijk Museum, yn it Groninger Museum, yn Museum Belvédère. Hy hie noch lang syn nocht net, Zoltin hold fan it libben. Mar begjin dit jier waard er siik. Slokdarmkanker wie de diagnose, ûngenêslik. Zoltin woe net behannele wurde, en yn in lijenswei de ein ôfwachtsje. Hy plande in datum foar eutanasy. Op 15 maaie is hy ferstoarn, 76 jier. In pear wike foar syn dea, op Peaskesnein, hie Karen Bies in lang
Fanfare Op Maat fan Berltsum wurket dit wykein mei oan in klassyk konsert op in bysûndere lokaasje: in kas by Bitgum. It is in konsert dat organissearre is troch de Fryske tenor Albert Bonnema. Klassyk oplate musisy bringe wurken fan Mozart, Schubert, Offenbach en oaren en wurde begelaat troch ûnder oaren de doarpsfanfare fan Berltsum. In prachtich projekt dêr't wol stevich foar repeteard wurde moat. Op de fêste repetysjejûn, de moandei, wie it Buro by dy repetysje.
Ninah Tiemersma is in jonge dosinte Gryksk en Latyn yn Ljouwert. Se makke in teäterstik oer har libben en PTSS, post traumatisch stresssyndroom. As jong famke libbe Ninah mei in ferslaafde heit dy't har fysyk en mentaal mishannele. Doe't har mem en sy úteinlik by him weigiene, bleau hy harren stalken. Ninah wie al jong traumatisearre en der waard troch de psycholooch PTSS konstatearre. Yn it stik 'Niet meer alleen' siket se de ferbining fan har libben en trauma's mei dy fan froulju yn de Grykske trageedzjes. Se makke in skripsje oer it ûnderwerp en ûntduts by it lêzen fan de ferhalen dat ek de
De Fryske Jelmer is ien fan de tûzenden krúsfarders dy't yn 1218 de Egyptyske havenstêd Damiate belegeren. Mei hûnderten oare Friezen is hy fan Fryslân út nei de Nijl syld. Damiate is in tige sterke festing mei midden yn de Nijl de machtige 'Kettingtoer'. Neffens krústochtprediker Olivier van Keulen is krekt Jelmer roppen om dizze toer te feroverjen. Se betinke in fantastysk oanfalsplan, mar tagelyk slacht by Jelmer de twifel ta: wat hawwe de Friezen yn Godsnamme yn Egypte te sykjen?
Op 6 novimber 1919 makke yngenieur Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda de earste radio-útstjoering fan Nederlân. As earbetoan oan him en 100 jier radio, komt Buro de Vries op 3 novimber mei in spesjale útstjoering út Weidum wei, it bertedoarp fan dizze radiopionier. Fanfare de Harmonie Weidum sil spesjaal foar de gelegenheid 3 fan de nûmers út dy alderearste útstjoering live hearre litte. Fierder optredens fan Sytze Haima en Inez Timmer. Te gast binne trije pakesizzers fan Hanso Idzerda: Tobias Idzerda, Henk de Brey en Hanso Idzerda. Fierder praat Huub Wijfjes, bysûnder heechleraar rad
'Us Ferlosser' is moandei eksakt 100 jier lyn ferstoarn. Dat wie de bynamme fan dûmny Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919), de romrofte sosjalistyske en letter anargistyske foarman. Fan ein jierren 1870 ôf besocht Domela as ien fan de earsten mear rjochten foar arbeiders foarinoar te krijen. Yn ús provinsje krige hy in grutte oanhing. Dit jier binne der ferskate aktiviteiten om Domela te betinken en syn gedachteguod yn eare te hâlden. Yn Buro de Vries komme fjouwer gasten oan bar, dy't elts in bân mei de man hawwe, op útinoar rinnende wizen. Yn dizze Podcast Hystoarikus Johan Frieswijk en